Van Althuis wint Bitgum

© Aise van Beets Omrop Fryslân
Pieter van Althuis, Taeke Triemstra en Hendrik Kootstra ha sneon de útnoegingspartij yn Bitgum wûn. Om priis en preemje waard it partoer fan Jan Dirk de Groot, Pieter Jan Plat en Marten Feenstra mei 5-4 en 6-2 ferslein. De tredde priis wie foar Bauke Triemstra, Hendrik Bouwhuis en Daniël Iseger.
Foar Taeke Triemstra wie it de 110 oerwinning op in haadklassepartij. De earste krâns op it heechste nivo pakte Triemstra op 17 septimber 2000 yn Snits. Doe keatste er mei Johan Okkinga en Sake Porte.