Lintsje foar Rimmer Abma

25 aug 2012 - 20:35

Ald-fierljepper Rimmer Abma krige sneon in keninklike ûnderskieding op it NK fierljeppen yn syn fierljepstêd Drylts. De ynwenner fan Heech, foarsitter fan de ôfdieling Drylts en ek trainer, waard lid yn 'e Oarder fan Oranje Nassau foar al it frijwilligerswurk dat er foar de fierljepperij dien hat en noch docht. Ek foar oar maatskiplik wurk krige er it lintsje. Rimmer Abma waard fiif kear Frysk kampioen en twa kear Nederlânsk kampioen by de senioaren.

Trefwurden: 
NK fierljeppen Rimmer Abma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)