Epke sportman fan it jier 2011

12 des 2011 - 21:30

Turner Epke Zonderland is moandeitejûn keazen ta Sportman fan it jier 2011. Hy waard op it NOC*NSF sportgala ta winner útroppen. Hy wie nominearre foar syn earste Europeeske titel oan it rek. By datselde EK yn Berlyn helle er ek in sulveren medalje op de brêge.

Epke Zonderland is dêrmei de earste Nederlânske turner dy't op in EK mear as ien medalje wist te winnen. Oare nominearren wiene reedrider Bob de Jong en skermer Bas Verwijlen. Epke Zonderland wûn yn 2009 ek al de titel Sportman fan it jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)