Sylwedstriden by hurde wyn

25 aug 2012 - 16:21

Op de Hegemermar en de Fluezen is sneon de 34ste edysje fan it Krús fan Heech hâlden. Dat is in sylwedstriid dêr't in grut ferskaat oan sylboaten oan meidwaan kin. Mei-elkoar wiene der sawat sechstich dielnimmers, likefolle as ferline jier. Der wiene wol stevige buien, mar ta problemen hat dat net laat.

Op 'e Iselmar wie sneon ek in sylrace. Dêr waard sneon de 48e edysje fan de 24-oere-sylrace hâlden. Oan dy wedstriid dogge goed seishûndert boaten mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)