Man falt fan balkon

De Invasiestrjitte yn Ljouwert © Google Streetview
In 25-jierrige ynwenner fan Ljouwert is sneontemoarn om fiif oere yn de Invasiestrjitte ferwûne rekke by in fal fan it balkon. De man hie gjin kaai fan syn hús by him en besocht oer it balkon yn 'e hús te kommen. Doe't er oer it stek fan it balkon klimme woe, glied er út en foel nei ûnderen.
De man is mei ûnbekend letsel nei it sikehús brocht.