Kampanje: CDA'ers op tandem

CDA
Yn Oentsjerk is sneon de kampanje fan it CDA foar de Twadde Keamerferkiezings fan 12 septimber úteinset. Keamerlid Sander de Rouwe fan Boalsert en kandidaat-Keamerlid Harry van der Molen fan Ljouwert stapten yn Oentsjerk tegearre op in tandem foar in tocht by ferskate doarpen del. Sa komme se ûnder oare yn Hurdegaryp, Burgum en Eastermar, foar petearen mei bestjoerders, frijwilligers en bedriuwseigeners.
Yn Eastermar wurdt in ferkiezingsboerd ûntbleate. De kampanje fan de CDA'ers giet troch oant en mei 11 septimber.