Dr. plein moandei wer iepen

24 aug 2012 - 20:43

Dit wykein noch en dan kin it autoferkear it hiele Drachtsterplein yn Ljouwert wer brûke. De rest fan it jier is nedich om it wurk ôf te meitsjen en dan giet it om de fytspaden, de keunst en it iepenbier grien. Yn it nije jier kin dan úteinset wurde mei de bou fan it akwadukt hûndert meter fierderop. Freedtejûn binne de riedsleden fan Ljouwert en omlizzende gemeenten, steateleden en oare belutsenen bypraat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)