Katamaran omslein op Iselmar

24 aug 2012 - 20:08

Op de Iselmar ter hichte fan Makkum is freedtejûn in katamaran omslein. De siler koe de sylboat net wer oerein krije. Dêrop waard de kustwacht ynskeakele. Dy hat dêrnei de help fan de rêdingsboat fan Hylpen ynroppen. De siler is net ferwûne rekke by it ynsidint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)