Jild foar De Jonge Trijntje

12 des 2011 - 19:02

De stichting Varend Cultureel Erfgoed krijt fyftichtûzen euro subsydzje foar de restauraasje fan it skûtsje De Jonge Trijntje. It skip is goed 100 jier ferlyn boud op de skipswerf Van der Werf yn Drachten. It is ien fan de earste izeren skûtsjes dy't yn Drachten boud is.

De stichting wol it skip restaurearje. Dat wurdt dien yn gearwurking mei learlingen fan De Friese Poort. As de restauraasje klear is, wurdt sjoen oft De Jonge Trijntsje meidwaan kin oan it IFKS skûtsjesilen. It kin ek brûkt wurde foar promoasje-aktiviteiten yn Smellingerlân. De kosten foar it totale projekt binne 225.000 euro.

Trefwurden: 
skûtsje De Jonge Trijntje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)