Flagge út oan ferkiezings ta

Wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW ropt noardlike ûndernimmers op om de Europeeske flagge út te hingjen oant en mei de lanlike ferkiezings op 12 septimber. Op dy wize soene ûndernimmers sjen litte moatte dat de Nederlânske ekonomy net sûnder Europa kin.
De diskusje oer Europa wurdt neffens VNO-NCW te faak en tefolle fierd op basis fan emoasje. Nederlân fertsjinnet alle jierren 180 miljard euro oan Europa. Dat is sawat de helte fan wat yn ús lân fertsjinne wurdt, sa seit de wurkjouwersorganisaasje.