Tienstra: rêder noch net fûn

24 aug 2012 - 11:46

Ald-hânbalster en keatster Jokelyn Tienstra hat de man dy't har it libben rêden hat noch net fûn. Se siket him fanwege in film oer harsels dy't makke wurdt foar Omrop Fryslân.

In Nederlânske frachtweinsjauffeur rêde Tienstra yn 2008 it libben op in Dútske autobaan. Se hie in epileptyske oanfal krigen as gefolch fan in tumor yn 'e harsens. Troch achter har te riden, koe de frachtautosjauffeur foarkomme dat se oanriden waard troch oare auto's.

Troch in operaasje en revalidaasje kaam Tienstra der earder net oan ta om har rêder te sykjen. De Hersenstichting betellet mei oan 'e film dy't oer har makke wurdt. De film sil te sjen wêze op Omrop Fryslân Televyzje.

Trefwurden: 
Jokelyn Tienstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)