Gefaarlike jonge rider pakt

© Omrop Fryslân
In 23-jierrige autobestjoerder út Snits is syn rydbewiis kwytrekke fanwege gefaarlik rydgedrach en te hurd riden. Plysjes seagen de man oer de Jousterwei yn Snits dêr't er te ticht op oare auto's ried en gjin rjochting oanjoech. Se giene him achternei en seagen doe't er op de grutte dyk nei De Jouwer ried, dat er ek noch te hurd gie. Hy hie 175 op de teller te stean, wylst er 120 mocht.
De man waard oan de kant set, krige in proses-ferbaal en moast syn rydbewiis ynleverje.