Frou op fyts nachts oerfallen

© Omrop Fryslân
In 19-jierrige frou is tongersdeitenacht yn Ljouwert oerfallen troch twa manlju. De frou fytste yn de Esdoarnstrjitte en waard dêr oanhâlden troch twa manlju mei in donkere hûdskleur. Dy lutsen har it trainingsjaske fan it liif. Doe't de frou it op in razen sette, sloech ien fan de oerfallers har mei in fûst op it gesicht. De frou rekke ferwûne by it each. Dêrnei naaiden de dieders út.
De plysje hat in sinjalemint fan de oerfallers. Tsjûgen wurde oproppen harren te melden.