Reisburo siket gearwurking

Reisburo Internoord yn Ljouwert
Reisburo Internoord yn Ljouwert hat him oansletten by in nij gearwurkingsferbân fan in tal grutte reisorganisaasjes. It giet om ûnder oare D-reizen en Thomas Cook. De reisorganisaasjes kieze foaral foar mear gearwurking om skerper ynkeapje te kinnen by bygelyks de hotelketens, loftfeartmaatskippijen en autoferhierbedriuwen. Mei in gruttere organisaasje is dat makliker as as lytsere organisaasjes apart.
De gearwurking hat gjin gefolgen foar de winkel fan Internoord yn Ljouwert. Dy bliuwt gewoan iepen.