Bou krematoarium kin los

23 aug 2012 - 22:29
  • Harkje nei de reportaazje

Faber Uitvaartzorg út Wommels mei in krematoarium bouwe by it eardere hoarekagebou Nij Andringastate by Marsum. Dat hat de Rie fan Steat bepaald.

Tsjinstanners binne benaud foar luchtfersmoarging en lûdsoerlêst troch it ferkear. Se kinne nei de útspraak fan de Steatsried no allinnich noch yn beswier gean tsjin de omjouwingsfergunning. Mar dat stiet de start fan de bou net yn 't paad, seit direkteur Jan Klaas Faber.

(advertinsje)