Mollema ferliest tiid

23 aug 2012 - 21:25

Hurdfytser Bauke Mollema fan Ljouwert hat tongersdei yn de sechde etappe fan de Ronde fan Spanje 51 sekonden ferlern yn it klassemint. Hy einige as 21ste. Mollema hie bot lêst fan de hege temperatueren yn de rit fan Tarazona nei Jaca oer in ôfstân fan 175 kilometer. Bauke Mollema stiet no op 8ste plak yn it klassemint fan de Vuelta op 1 minút 12. Pieter Weening siet yn de ûntsnapping fan de dei, mar moast yn de finale belies jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)