Provinsje optimistysk oer grûn

23 aug 2012 - 17:36

Healwei takom jier hat de provinsje alle grûn yn besit dy't nedich is foar de oanlis fan de Sintrale As. Dat skriuwt it kolleezje fan deputearre steaten yn in brief oan provinsjale steaten. Alle prosedueres dêr't flaters by makke binne moatte oer dien wurde. Neffens it kolleezje kin dat flotter as de earste kear. De ferwachting is dan ek dat de oanlis fan de dyk gjin fertraging oprint.

Op 19 septimber wurdt der yn de steaten praat oer de flaters oangeande de ûnteigeningsproseduere.

Trefwurden: 
Sintrale As grûnoankeap
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)