Doutzen-fuotbalshirts ferkocht

23 aug 2012 - 17:30

De eigeneresse fan in drogisterij yn Veendam hat de tsien fuotbalshirts fan SC Veendam mei in hanteken fan model Doutzen Kroes dêrop kocht. De fuotbalklup hie de shirts foar 500 euro te keap stean op feilingwebside Ebay. Mar oant no ta wie der gjin belangstelling.

Acht fan de tsien shirts binne no meikoarten te winnen troch klanten fan de drogisterij. Hoefolle jild de ûndernimster út Veendam betelle hat foar de shirts wurdt net bekend makke.

Trefwurden: 
Doutzen Kroes shirts
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)