Nij MFS Seisbierrum yn Aeolus

23 aug 2012 - 16:32

It nije multyfunksjonele sintrum fan Seisbierrum komt yn Aeolus. De eigener fan it pretpark, de ûndernimming Ballorig, en doarpsbelang binne it iens oer gearwurking. De hjoeddeiske aktiviteiten fan Aeolus bliuwe wol gewoan bestean. Doarpsbelang kin besteande romten hiere. Der moat wol wat ferboud wurde en der is romte foar in sportseal neist de piramide. De gemeente Frjentsjerteradiel wol leaver in MFS bouwe yn it sintrum fan it doarp en dan sûnder in sportseal.

Der moat dus noch wol wat praat wurde op it stedhûs, want de gemeente moat mei jild komme. Neffens de foarsitter fan doarpsbelang, Gosse Sjollema, is dy konstruksje 2 miljoen euro goedkeaper as nijbouwe yn it sintrum.

Trefwurden: 
MFS Seisbierrum Aeolus
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)