Grize konteners bliuwe stean

Grize konteners mei dêryn ferkeard ôffal bliuwe yn de gemeente Gaasterlân-Sleat tenei oan de dyk stean. Se wurde net langer lege. De gemeente nimt de maatregel om't der op it stuit te faak ferkearde dingen yn de grize kontener smiten wurde. Dan giet it bygelysk oer GFT-ôffal en papier, mar ek om pún en lyts gemysk ôffal.
It ferkearde ôffal kaam oan it ljocht by in stekproef dy't de gemeente mei ôffalferwurker Omrin útfierd hat.