Kontrakt foar Daniël de Ridder

23 aug 2012 - 16:14

Hearrenfean hat Daniël de Ridder fêstlein. De oanfaller trainde in oantal dagen mei en makke in goeie yndruk. De 28-jierrige fleugeloanfaller is opgroeid yn de jeugdoplieding fan Ajax, mar bruts dêr net echt troch. Hy spile dêrnei foar Celta de Vigo, Birmingham City, Wigan Athletic, Hapoel Tel Aviv en Grasshopper.

De Ridder tekenet in kontrakt fan in jier mei in opsje op noch in jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)