Besunigings by Elkien

12 des 2011 - 14:23

Wenningkorporaasje Elkien sil de kommende tiid flink besunigje. Fan 2014 ôf moatte korporaasjes meibetelje oan de hiertaslach. Elkien is dêr op jierbasis fjouwer miljoen euro oan kwyt, en dat jild moat earne weikomme.

Elkien besjocht no earst oft it eigen bedriuw effisjinter wurkje kin. Hoefolle banen oft dat kostet, is noch ûnbekend. Troch de krimp wurdt ferwachte dat mear minsken harren te wenje sette sille nei gruttere plakken. Dêrom wurdt kritysker sjoen nei ynvestearrings yn lytse doarpen.

Trefwurden: 
Elkien
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)