Nepplysje mei net ynset wurde

23 aug 2012 - 12:45

In nepagint oan de dyk sette om it ferkear ôf te remjen, mei juridysk net. Dat seit de plysje. De plysje sil yn petear mei Rendert Algra, dy't mei de pop fan in kontrolearjende agint de merk op wol. De nepagint kin op plakken delset wurde dêr't te hurd riden wurdt, mar dêr't neffens omwenners net genôch kontrolearre wurdt.

Neffens Robert Rambonet fan de Fryske plysje meie oaren as plysjeminsken wetlik it plysjeunifoarm net drage.

Trefwurden: 
Rendert Algra nepplysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)