Echtpear krijt lintsje

23 aug 2012 - 12:15

It echtpear Jille en Roely Kooistra fan De Harkema hat woansdei in keninklike ûnderskieding krigen. Se sette har al jierren yn foar in ferskaat oan goede doelen, ûntwikkelingsgearwurking en de tsjerke. Sa sammelje se klean yn foar earme minsken yn Roemenië, plestik doppen foar blinegeliedehûnen en jild foar de bestriding fan cystic fibrosis.

Beide binne beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

(advertinsje)