Ynbrekkers betrape yn Akkrum

23 aug 2012 - 10:49

In 51-jierrige ynwenner fan Frjentsjer en ien fan 18 út Oude Pekela binne woansdeitenacht oppakt foar ynbraak. De twa waarden betrape op in bedriuweterrein yn Akkrum. De plysje, dy't har kenteken trochkrigen hie, seach de twa letter riden op de A32. Nei in achterfolging koene se op it Oostergoplein yn Ljouwert oanhâlden wurde.

De manlju binne fêstset en har auto is yn beslach naam. Dat jildt ek foar it ynbrekkersark dat de twa by har hienen.

Trefwurden: 
ynbrekkers Akkrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)