Ferwûne by botsing yn Hylpen

23 aug 2012 - 10:40

In frou fan 50 út Warns is woansdei ferwûne rekke by in ûngelok yn Hylpen. De frou botste op in krusing op de auto fan in 31-jierrige Dútser, dy't de krusing krekt wat te fier opriden wie.

De frou is mei nekkeklachten oerbrocht nei it sikehûs. De Dútser en syn trije ynsitters kamen mei de skrik frij.

Trefwurden: 
botsing Hylpen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)