Snelheidskontrôles yn Drachten

© ANP XTRA
De plysje hat woansdei op ferskate plakken yn Drachten snelheidskontrôles hâlden nei oanlieding fan klachten oer te hurd riden op 50 kilometer diken. Yn de Folgeraleane waarden 261 auto's kontrolearre, 52 fan har rieden te hurd. De grutste oertrêder hie 72 kilometer op 'e teller.
Ek op de Nijtap waard in kontrôle hâlden. Dêr rieden 195 fan de 1373 automobilisten te hurd. De heechste snelheid wie hjir 84 kilometer. Jûns waard ek noch kontrolearre op de Postleane. Dêr waarden 594 auto's kontrolearre, fan har giene 70 yn 'e fout.
De heechst metten snelheid wie dêr 83 kilometer.