Lintsje foar oargelist

23 aug 2012 - 06:30

Oargelist Otto Roelofsen fan Kimswert hat woansdeitejûn op Flylân in keninklike ûnderskieding krigen. By it 500ste optreden yn de rige konserten by kearsljocht dy't hy dêr organisearret krige hy fan boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân in lintsje opspjelde en waard er beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Roelofsen is mear as 30 jier oargelist fan de Herfoarme tsjerke fan Mullum en Harns en by de Protestante tsjerke fan Flylân. Ek is Roelofsen dirigent fan de Jeugdkantorij Harns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)