Snits Wyt Swart bekeret troch

23 aug 2012 - 00:38

Sneinstopklasser Snits Wyt Swart Boso Snits hat de twadde ronde fan it grutte KNVB-bekertoernoai helle. Tsjin sneonstopklasser De Jodan Boys út Gouda moasten de strafskoppen de trochslach jaan. Nei fiif minuten kaam Snits op it eigen fjild goedkeap op foarsprong troch in eigen doelpunt fan De Jodan Boys. Yn in aardige twadde helte hie de thúsploech de bêste kânsen, mar dochs waard it yn de 83e minút 1-1. Dy stân soe ek yn de ferlinging net mear feroarje. Beide keepers kearden twa strafskoppen, de achtste pennel fan De Jodan Boys gong njonken.

Yn de twadde ronde op woansdei 26 septimber komt sneonstopklasser Noordwijk nei Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)