Súdwest jout fergees kaartsjes

22 aug 2012 - 21:25

820 ynwenners fan Súdwest-Fryslân meie fergees nei ien fan de foarstellingen yn it nije teater yn Snits. Dat hat de gemeente bekend makke. Alle ynwenners kinne meidwaan oan in priisfraach. Dêrby moatte se oanjaan wêrom't sy nei it teater wolle. In sjuery, mei wethâlder Sinnema, akteur Freark Smink en teatermeiwurker Frouk Oostra sil de ynstjoerings beoardielje. De aksje is ûnderdiel fan de iepening fan it teater. De gemeente wol de ynwenners graach kennis meitsje litte mei it teater.

Trefwurden: 
Teater Snits
(advertinsje)