Poepjes: leare fan flaters As

De provinsje moat foar de helte fan de grûn dy't nedich is foar de oanlis fan de Sintrale As de ûnteigeningsproseduere opnij dwaan. Dat seit ferantwurdlik deputearre Sietske Poepjes yn reaksje op it nijs dat de heechste bestjoerlike ynstânsje de fierdere prosedueres ôfkard hat fanwege flaters.
De deputearre wit troch har fakânsje noch net hoe't it kin dat der flaters makke binne. Se seit ta de regels tenei better te folgjen. Poepjes ferwachtet net dat it oerdwaan fan de prosedueres in soad gefolgen hawwe sil foar de oanlis fan de dyk.