Partuer Hiemstra wint PC

22 aug 2012 - 18:30

It partuer fan Marije Hiemstra, Imke van der Leest en Aukje van Kuiken hat woansdei yn Weidum de PC foar froulju wûn. De trije wienen mei 5-2 en 6-4 te sterk foar it partuer fan Nynke Sijbrandij, Maaike Osinga en Wiljo Sijbrandij. Dy hienen har earder ferrassend foar de finale pleatst troch te winnen fan de favoriten Harmke Siegersma, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra.

De frouljus PC waard foar de 36e kear hâlden. Aukje van Kuiken waard útroppen ta keninginne.

Trefwurden: 
froulju keatsen PC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)