Jokelyn Tienstra siket rêder

22 aug 2012 - 16:52

De eardere Fryske keatster en hânbalster Jokelyn Tienstra is op syk nei in frachtautosjauffeur. Dy man hat yn 2008 har libben rêden. De Nederlânske sjauffeur die dat op sneldyk A3 yn Dútslân. Tienstra krige dêr in epileptyske oanfal as gefolch fan in tumor yn de harsens. Troch achter har te riden, koe de frachtautosjauffeur foarkomme dat se oanriden waard troch oare auto's. Troch in operaasje en revalidaasje kaam Tienstra der net oan ta om har rêder te sykjen. Se docht dat no wol, mei om't de Hersenstichting in film oer har makket.

Trefwurden: 
Jokelyn Tienstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)