Favoriten yn heale finale PC

Leonie van der Graaf, Fenna Zeinstra en Harmke Siegersma steane yn de heale finale fan de PC yn Weidum. Lykas ferwachte wûnen se op de twadde list fan Nelie Steenstra-en-dy. Se moatte it yn dy heale finale opnimme tsjin Nynke Sijbrandij, Maaike Osinga en Wiljo Sijbrandij. Dy wiene te sterk foar Iris van der Veen-en-dy. Ut de partij tusken Marie Jetske Lettinga en Marije Hiemstra komt de oare finalist. Dy krijt in steand nûmer.