Ielstikelbiters wurde teld

22 aug 2012 - 15:04

Steatsboskbehear is yn syn natuergebieten op syk nei de ielstikelbiter of 'groene glazenmaker'. De libel is beskerme en komt allinne foar yn Nederlân en dan benammen yn Fryslân. It bist hat syn namme fan wetterplant ielstikel, it wyfke leit dêr de aaikes. Om de soart goed beskermje te kinnen moat de kwaliteit fan it leefgebiet goed wêze. Boskwachter Jeffrey Huizinga bringt mei frijwilligers de populaasje yn de Atsmapolder by Skûlenboarch yn kaart. Ein dit jier docht Steatsboskbehear ferslach fan de tellingen.

Der moatte sa'n tûzenen ielstikelbiters yn Fryslân sitte. In ieu werom wiene dat hûnderttûzenen of miskien wol miljoenen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)