Zijlstra by opknapte tsjerke

Halbe Zijlstra, demisjonêr steatssekretaris, sil 6 septimber it restaurearre tsjerke fan Wier op 'e nij iepenje. De tsjerke is it ôfrûne jier hielendal opknapt. Frijwilligers fan de pleatslike kommisje ha jierrenlang aksje fierd om it tsjerkje opknapt te krijen en 25.000 euro ynsammele. De restauraasje koste 810.000 euro. It wurdt no brûkt foar konserten, optredens en eksposysjes. Der kinne ek trou- en routsjinsten hâlden wurde.