Fenna, Leonie mei Harmke troch

22 aug 2012 - 13:36

Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra ha yn de earste omloop har favoriterol wier makke. Mei har beiden fersloegen se mei 5-1 en 6-2 Joukje Kuperus, Feikje Bouwhuis en Harmke Siegersma. Se geane no fierder mei Harmke Siegersma dy't dus yn de earste partij ferslein waard. Se keatse op de twadde list tsjin Nelie Steenstra-en-dy. Ek op de twadde list steane de partoeren fan Iris van der Veen en Nynke Sijbrandij. Dy treffe elkoar. Marie-Jetske Lettinga wie mei Klasine Huistra en Geke de Boer te sterk foar Evelien Westra-en-dy.

De twadde list is kompleet mei it partoer fan Marije Hiemstra, Imke van der Leest en Aukje van Kuiken. Se wiene te sterk foar Ilse Noorman-en-dy.

Trefwurden: 
froulju keatsen PC
(advertinsje)