Sintrale As rint fertraging op

22 aug 2012 - 12:17
  • Sintrale As rint fertraging op
  • Fred van Dijk, advokaat en Diana Frikkee, spesjalist yn ûnteigenjen
  • Niels van den Berge fan GrienLinks

De oanlis fan de Sintrale As rint in healjier oant in jier fertraging op. Dy tiid stiet derfoar om de ûnteigeningsproseduere op 'e nij te dwaan. Dat sizze spesjalisten yn ûnteigeningsprosedueres. De eigeners binne yn it foardiel. Sy steane sterk no't minister Schultz by keninklik beslút sein hat dat de provinsje flaters makke hat by it ûnteigenjen foar de Sintrale As. De provinsje wie te hastich of kaam te let mei in oanbod. Der komt no grutte tiidsdruk op te stean, neffens advokaat Van Dijk dy't in groep eigeners fertsjintwurdiget.

In keninklik beslút as dit komt net faak foar. De tariedings foar de dyk binne yn folle gong, mar offisjeel is de oanlis noch net begûn.

GrienLinks yn de Twadde Keamer fynt dat dit it momint is om de oanlis fan de Sintrale As te kearen. De partij hat altyd tsjin de oanlis west en wie koartlyn noch kritysk oer it jild dat de provinsje yn de dyk stekt fan 'niks nei nergens', sa as fraksjefoarsitter Jolande Sap it sei. Jild dat wol better brûkt wurde kin.

Trefwurden: 
Sintrale As ûnteigening
(advertinsje)