Dief fan AED oanhâlden

22 aug 2012 - 11:38

De plysje hat in 54-jierrige man út Elst oanhâlden dy't op 14 augustus yn Harns in defibrilator stellen hie. It apparaat naam er mei út in winkel oan de Voorstrjitte. De plysje koe de man achterhelje mei help fan fideobylden. De man hat bekend. De AED-defibrilator wie earder al werom fûn by de Tjerk Hiddessluzen.

Trefwurden: 
plysje stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)