Himp yn Eaststellingwerf fûn

22 aug 2012 - 11:00

De plysje yn Eaststellingwerf hat de ôfrûne dagen ferskate lytse himpkwekerijen yn de bûtenloft oantroffen. De kwekerijen wiene ferstoppe yn bosken yn Elslo en by de Lycklamafeart en yn in maisfjild oan de Haerdyk yn Langedike. By in hûs oan de Bovenwei yn Nijeberkeap fûn de plysje 13 himpplanten. Tsjin de bewenner is proses-ferbaal opmakke. Alle planten binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
plysje himp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)