Harnzer stunt mei auto
In 18-jierrige Harnzer hat net lang wille hân fan syn rydbewiis. Hy koe it papierke tiisdeitejûn ynleverje, fiif wiken nei't er it helle hie. Plysjes seagen de man mei syn auto stunten op in parkearterrein en op de wetterkearing fan de Seedyk. De man ried mei in soad leven de kearing op en wer del.