Noch mear enerzjy út stront

De provinsje hat in lytse twa ton beskikber steld foar in proef op Nij Bosma Zathe om noch mear enerzjy út stront te heljen. Yn dat projekt wurkje fiif partners gear, dêrûnder donghanneler Wassenaar, stâlbouwer Frilim en de universiteit fan Wageningen. It giet om it opnij brûken fan waarmte dy't frijkomt as stront yndikke wurdt. Dy waarmte kin dan wer foar oare doelen brûkt wurde.
Behalve de provinsje betelje en de Europeeske Uny, it ministearje fan lânbou en it gearwurkingsferbân SSN mei oan it projekt.