Gefaarlik swimplak by Grou

21 aug 2012 - 19:23

It swimmersplakje De Blikpôle yn Grou is gefaarlik foar swimmers. It skynt dat der stikken glês, blik of izer op de boaiem lizze, dêr't meardere swimmers de fuotten al iepen oan helle ha. De gemeente stelt in ûndersyk yn om der achter te kommen hoe't it spul yn it wetter kommen is.

Der wurdt tocht oan minsken dy't fan alles yn it wetter smite, mar der wurdt ek sein dat der eartiids in stoart wie. It ûndersyk wurdt sa gau mooglik úfierd. Der stiet in boerd dat it swimmen op eigen risiko is.

Trefwurden: 
swimplak Blikpôle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)