Acht jier sel foar Hells Angel

21 aug 2012 - 19:09

Tsjin in lid fan de Rotterdamse ôfdieling fan de Hells Angels is tiisdeitemiddei troch de rjochtbank yn Ljouwert acht jier sel easke. De man wurdt der fan fertocht dat hy in frou út Easterwâlde gizele hat en har soantsje fan twa jier mei de dea bedrige hat. Dat die er om de mem ûnder druk te setten doe't hy yn it hûs nei in partij drugs socht. Dy hiene in wearde fan 850.000 euro.

De drugs wiene in dei earder yn de wenning fan de freon fan de man yn beslach nommen. De frou en har jonkje waarden ek twongen meinommen nei De Lemmer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)