Gegevens KNVB-site op strjitte

21 aug 2012 - 17:10

De gegevens fan alle KNVB-leden, ynklusyf proffuotballers en skiedsrjochters, lizze op strjitte. Adressen, telefoannûmers en e-mailadressen binne maklik te achterheljen. Dat komt troch in lek op de site voetbal.nl, in site dy't troch de KNVB foar amateurfuotballers opset is.

Fia in anonime tip oan Omrop Fryslân kaam dat lek boppe wetter. De KNVB seit dat it wier is dat der misbrûk makke wurde kin fan de opsje. De behearder hat de mooglikheid ôfsletten en wurket oan de oplossing fan it probleem.

Trefwurden: 
KNVB website privacy
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)