Oerlis oer takomst Sionsberg

12 des 2011 - 14:03

Heal jannewaris moat der in plan lizze foar de takomst fan sikehûs De Sionsberg. Dat hawwe de belutsen partijen moandei ôfpraat. De kaders derfoar binne bepaald troch de ynspeksje foar de sûnenssoarch. Wat dat konkreet betsjut, wol de ynspeksje noch net sizze. Wol is it neffens de ynspeksje dúdlik dat it sikehûs net mear krekt itselde dwaan kin as no.

Nei alle gedachten sil yn de takomst minder soarch oanbean wurde yn it Dokkumer sikehûs. Dat moat fan de ynspeksje om oan de kwaliteitseasken te foldwaan. It is no oan it bestjoer fan De Sionsberg om yn oerlis mei ûnder oare de soachfersekerders en de gemeente ta in goed plan te kommen. It sikehûs wol ferskate ôfdielings slute, ûnder oare de akute soarch. Sneon wie yn Dokkum in protestmars dêrtsjin dêr't sawat fiiftûzen minsken oan meidiene.

Trefwurden: 
De Sionsberg
(advertinsje)