Huzeprizen sakje fierder
De huzeprizen binne yn july nergens sa bot sakke as yn Fryslân. Neffens sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk en it Kadaster is de priis fan in Fryske wenning mei goed alve persint sakke.
Lanlik wie de delgong acht persint, de sterkste yn hast tweintich jier.