Rydbewiis hurdriders ynnommen
Twa hurdriders binne moandeitejûn har rydbewiis kwytrekke. In 33-jierrige Ljouwerter ried mei 126 kilometer oer de N31 by Techum, wer 70 it maksimum is. In 29-jierrige bestjoerder waard trapearre op de A7 by Koarnwert. Dy man, fan wa't it wenplak noch ûnbekend is, ried 185 kilometer dêr't 120 tastien is.