Nije pointguard foar Aris

Robert Whitfield
Basketbalklup Aris Leeuwarden hat in nije pointguard. De 27-jierrige Robert Whitfield Holcomb Faye spile de ôfrûne jierren yn Dútslân by Kaiserlautern, Bayreuth en Tuebingen. It lêste jier spile hy by Weissenfels en waard kampioen op it ien-nei-heechste-nivo. Whitfield, ropnamme Whit, is de tredde Amerikaan dy't Aris oanlutsen hat.
Aris is noch op syk nei ien Amerikaan. Fan no ôf mei eltse ploech net mear as fjouwer Amerikanen ha. Aris is ek noch op syk nei in nije haadsponsor, mar de ploech is wis fan noch in seizoen op it heechste nivo.