Lead- en koperdieven warber

21 aug 2012 - 11:12

De plysje yn Snits hat moandeitenacht twa koperdieven oanhâlden. De twa Snitsers fan 23 en 25 jier waarden op 'e died trapearre nei't tsjûgen de plysje warskôgen. De mannen hiene twa tassen fol koper stellen út in leechsteande flat oan de Furmerusstrjitte. It koper en it ynbrekkersark binne yn beslach naam. De mannen sitte fêst.

Unbekenden hawwe lead fan it dak fan de tsjerke yn Nes (Dongeradeel) stellen. De skea wurdt rûsd op tûzenen euro's. De stellerij hat nei alle gedachten sneintenacht west. De plysje freget tsjûgen har te melden.

Trefwurden: 
Snits koperdieven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)